Brânwacht rêdt stâl fol hynders yn Drachten

De brânwacht hat tongersdeitemoarn betiid yn Drachten foarkomme kind dat in stâl fol hynders yn 'e brân rekke. De brân ûntstie yn in skuorre op it terrein fan it Fries Congrescentrum op sa'n tweintich meter fan de stallen en wie al gau útslaand. De earste melding kaam krekt nei 3.00 oere moarns binnen.
Brânwacht rêdt stâl fol hynders yn Drachten
De brânwacht skaalde al gau op nei middelbrân en sette ûnder oare in heechwurker yn. Ek moast der in wettertransport regele wurde, omdat der tichtby net genôch wetter beskikber wie. Korpsen fan Drachten, De Gordyk, It Hearrenfean en Oerterp koene foarkomme dat it fjoer oersloech nei de stallen.
Der kaam in soad reek frij by de brân en trochdat de wynrjochting net stabyl wie, is der in saneamd NL-alert útstjoerd nei de omjouwing. De skuorre stiet noch, mar is net mear te brûken.