Follybalmanlju winne ek twadde wedstriid fan de Golden European League

It Nederlânske follybalteam, mei dêrby Snitser Gijs van Solkema, hat woansdei op 'e nij wûn yn de Golden European League. Yn en tsjin Spanje waard it 3-2.
Gijs van Solkema © Omrop Fryslân
Mei Van Solkema yn de basis wûn Nederlân de earste set. Sy wiene lang yn lykwicht mei Spanje, mar healwei de set begûnen de Nederlanners flink te skoaren en kamen se úteinlik op in 16-25 winst.
De twadde set wie fergelykber, allinnich wie it Spanje dat healwei de wedstriid better waard en úteinlik de set wûn mei 25-18. De tredde set like in proai foar Spanje te wurden. Troch de set hinne krigen sy sa no en dan in flinke foarsprong, mar Nederlân wist der krekt op 'e tiid foarby te kommen: 24-26.

Spanje komt werom

By winst fan de fjirde set soe Nederlân winne, wat bûnscoach Roberto Piazza sûnder Van Lolkema besykje woe. Spanje liet it der lykwols net by sitte en kaam fuortendaliks op foarsprong. Sy holden wat sy ta de ein fan de set (25-22) folhâlde koene: der moast in fiifde set spile wurde.
Yn dy fiifde set kaam Nederlân gau op in lytse foarsprong, wat sy ek net mear weijoegen. De set waard mei 12-15 wûn.
Op snein 2 juni is de folgjende wedstriid fan de pûlfase fan de Golden European League. Dan spylje de Nederlanners tsjin en yn Estlân.