Fryske útblinkers by folleybalfroulju yn Nations League-wedstriid tsjin Bulgarije

De Nederlânske follybalfroulju hawwe woansdei mei 3-1 wûn fan Bulgarije. Friezinnen Hester en Marrit Jasper kamen yn Apeldoorn beide yn aksje en lieten har goed jilde. Mei 22 punten wie Marrit Jasper de topskoarer yn de wedstriid. It wie de tredde wedstriid foar de Nederlânske froulju en de twadde winstpartij, yn de twadde wike fan de Volleyball Nations League.
Marrit Jasper en Hester Jasper © Timo Jepkema, Omrop Fryslân
De froulju begûnen goed troch it earste punt te pakken, mar de Bulgaren wiene dêrnei de bettere partij. Sy wûnen de earste set op 25-22. De twadde set hie deselde útslach, alinnich dan yn it foardiel foar Nederlân. Mei 1-1 op it boerd kaam Nederlân hieltyd better yn de wedstriid.
Yn de tredde set spilen de Nederlanners sterk, wat soarge foar setwinst (25-20) en in moaie knal fan Marrit Jasper.
Dy tredde set wie ek gjin grut probleem foar de froulju. Mei 24-19 hiene de Nederlanners 5 matchpoints, mar de earste waard gelyk benut. De suskes Jasper waarden beide priizge om harren spul.