It is no offisjeel: Ljouwert wol graach songfestival organisearje

De gemeenteried fan Ljouwert hat ynstimd mei in eventuele komst fan it Eurovisie Songfestival nei de stêd. In mearderheid stimde woansdeitejûn foar in moasje mei dy strekking. Earder spruts de provinsje ek al de winsk út dat it festival wol nei de Fryske haadstêd komme koe.
© ANP
Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert bea Ljouwert earder al oan as lokaasje foar it folgjende Eurovisie Songfestival. Yn in tweet oan Duncan Laurence lokwinske er de sjonger mei syn earste plak.
De provinsje Fryslân wol ek graach dat it songfestival takom jier nei Ljouwert komt. In grutte mearderheid fan Provinsjale Steaten stipet de lobby om it Eurovisie Songfestival binnen te heljen. Achter de skermen binne provinsje en gemeente dwaande mei in bidbook. Dat moat oanbean wurde as in stêd of regio it songfestival binnenheje wol. Deputearre Poepjes tinkt dat Ljouwert wol in kâns makket. Ferline jie, yn 2018, hawwe Fryslân en Ljouwert sjen litten dat se goed grutte eveneminten organisearje koe doe't Ljouwert Kulturele Haadstêd fan Europa wie.
Gadingmakkers kinne harren fan woansdei ôf oanmelde foar de organisaasje fan it Eurovisie Songfestival fan takom jier. Net allinnich stêden kinne harren opjaan, mar ek gemeenten en regio's. In soad minsken tinke dat Amsterdam, Rotterdam of Den Haag grutte kâns meitsje, mar ek Maastricht wol it lietfestival graach organisearje. Oer sawat twa wiken krije de plakken dy't harren opjûn hawwe te hearren wêr't se oan foldwaan moatte. Dêrnei moatte se sjen litte wat se yn harren marse hawwe yn in saneamd bidbook.