Manon Scheepstra mei keatse foar OG Huzum, Daniël Iseger giet yn berop tsjin straf

29 maaie 2019 - 20:50

Keatsster Manon Scheepstra mei dochs spylje foar keatsferiening OG Huizum. OG Huzum woe fan de KNKB nammentlik wolris witte oft it ek sa wêze koe dat ynwenners fan bygelyks Suderbuorren (en oare nije Ljouwerter wiken) net better foar Huizum keatse koenen ynstee fan dat sy ûnder Goutum falle soenen.

Foto: Omrop Fryslân

Scheepstra hat lang om let in adres opjûn oan keatsbûn KNKB en neffens bûnsdirekteur Marco Hoekstra makket dat adres diel út fan it postkoadegebiet dat falt ûnder OG Huzum.

Keatsbûn KNKB hat foar it definitive oardiel fan Scheepstra noch wol in úttreksel frege fan de Gemeentlike Basis Administraasje (GBA), mar dat úttreksel hat it keatsbûn noch net. "Wy kinne der op dit stuit net mear oan dwaan en dus mei Manon keatse foar Huzum", seit direkteur Hoekstra. Manon Scheepstra wie woansdeitejûn net berikber foar kommintaar.

Heger berop

Har freon Daniël Iseger is yn berop gien tsjin de útspraak fan de strafkommisje. Dy hie Iseger foar trije wedstriden skorst, omdat hy ek foar Huzum keatst hie, wylst er útkomme moatten hie foar de keatsferiening Goutum. Dy skorsing soe op 30 maaie yngean, mar wurdt wurdt no útsteld oant de útspraak fan de beropskommissje bekend is.

Iseger mei no dus keatse, mar neffens direkteur Hoekstra net foar OG Huzum. Yn tsjinstelling ta syn freondinne hie Iseger in adreswiziging stjoerd nei de KNKB dêr't út bliken die dat er wennet yn it postkoadegebiet dat falt ûnder de keatsferiening Goutum.

(advertinsje)
(advertinsje)