Kruser ferlern gien by brân yn Aldlemmer

29 maaie 2019 - 20:55

By in brân yn Aldlemmer is woansdeitejûn in kruser ferlern gien. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net bekend. Wol is dúdlik dat by de brân nimmen ferwûne rekke is.

Foto: CAMJO media/Jaring Rispens

De korpsen fan Langwar, Ychten, It Hearrenfean en Grou waarden oproppen foar it blussen fan de brân op it skip. Dat lei foar de wâl yn de Tsjonger.

Trefwurden: 
brân Aldlemmer kruser
(Advertinsje)
(Advertinsje)