Soad publyk by oankomst nije skippen Doeksen yn haven Harns

De twa nije katamarans, dy't Rederij Doeksen ynsette sil foar de feartsjinsten nei Skylge en Flylân, binne woansdei oan it begjin fan de jûn oankaam yn Harns. De skippen waarden mei help fan sleepboaten fan Den Helder nei Harns fearn. De oankomst fan de skippen luts flink wat publyk nei de haven fan Harns.
Soad publyk by oankomst nije skippen Doeksen yn haven Harns
De katamarans binne foar it grutste diel boud yn Fjetnam. Dêr giene se begjin maart oan board fan it skip Sun Rise en dêrnei nei Den Helder fearn. Dêr kaam de Sun Rise moandeitejûn oan. Nei in ynspeksje tiisdei, waarden de skippen woansdeitemoarn it wetter yn litten en dêrnei troch sleepboaten nei Harns fearn.
Yn Harns sille de skippen ôfboud wurde. Dat slagge net yn Fjetnam fanwege it fallisemint fan de belutsen werf. De skippen binne foarsjoen fan nije tapassingen, wêrtroch't se suniger en skjinner binne as reguliere skippen. Doel is dat se takom jier yn gebrûk naam wurde.
© Omrop Fryslân, Evert van den Berg