Nije boargemaster Noardeast-Fryslân moat gemeente 'op de kaart sette'

29 maaie 2019 - 20:03

Ynwenners fan Noardeast-Fryslân wolle dat earste boargemaster fan de nije gemeente benammen benaderber en diedkrêftich is. Dat docht bliken út in enkête om in profylskets foar de nije boargemaster fêst te stellen. Oan dy enkête diene 78 minsken mei.

It wapen fan Noardeast-Fryslân - Foto: Noardeast-Fryslân

De winsken fan de respondinten binne meinommen yn de profylskets. Dêryn stiet ûnder oare: "De burgemeester is er wanneer hij of zij nodig is, is zichtbaar en benaderbaar (..)' en "in voorkomende gevallen is een stevige aanpak gewenst".

Noardeast-Fryslân op de kaart sette

By de eigenskip diedkrêftich giet it derom dat er minsken 'meinimt', goed netwurkje kin, de regels hantearret en oare minsken stimulearret.

Goed de helte fan de respondinten fynt dat de boargemaster foaral tiid jaan moat oan it gearwurkjen en kontakt mei ynwenners. Ek moat hy of sy omtinken jaan oan feilichheid en leefberens en de nije fúzjegemeente op de kaart sette.

Takom jier beëdige

De fakatuere foar de nije boargemaster giet heal juny iepen. Dan kinne belangstellenden reagearje. De bedoeling is dat de nije boargemaster yn jannewaris 2020 beëdige wurdt. Op it stuit is Hayo Apotheker waarnimmend boargemaster fan Noardeast-Fryslân.

(Advertinsje)
(Advertinsje)