Sutelaksje ferkeapet foar 3.000 euro oan Fryske boeken yn Britsum, Jelsum en Koarnjum

Skriuwer Ferdinand de Jong hat mei syn sutelaksje yn koarte tiid foar 3.000 euro ferkocht. "Dit toant mar wer oan dat der wol deeglik ferlet is fan Fryske boeken en dat de formule wurket." De frijwilligers giene by de doarren del yn Britsum, Jelsum en Koarnjum. It is in bytsje 'sosjale sjantaazje', seit De Jong heal grapmeitsjend. Want pleatslike klups organisearje it en se meie in fjirde part fan de opbringst hâlde. En sis dan mar ris 'nee' oan de doar.
© Afûk
Dat wie wol in prima aksje, net?
"Ja, de frijwilligers hawwe it poerbêst dien en it wie goed organisearre. It toant dochs mar wer oan dat der wol deeglik ferlet is fan Fryske boeken."
Kinst in suksesfolle sutelaksje ek sjen as in fallyt fan de Fryke boekhannels?
"Dat fyn ik in bytsje in wrede konstatearring. Mar Fryske boeken yn de boekhannels lizze wol faak op in achterôfplankje. Dat ferkeapet minder goed as dat de boeken yn kroade mei in pear fleurige frijwilligers oan de doar brocht wurde. Dat hat altyd al in effektive manier west. It is ek in hiel lyts bytsje 'sosjale sjantaazje'. Jo komme oan de doar en de minsken freegje: It is foar de feriening? Of foar it doarp? In fjirde part fan de opbringst is foar it organisearjend komitee. Minsken binne dan ek earder ree om wat te keapjen. Mar it bliuwt taalbefoardering."
Wurdt der noch wol in soad Frysk lêzen?
"No ja, it oanbod regulearret ek in bytsje it lêzen. Yn de kranten wurdt net folle Frysk mear skreaun. Op skoallen wurdt fansels noch wol Frysk jûn, mar it kin altyd better en mear. Der binne boeken genôch. Dy moatte oan de man brocht wurde."
No binne der altyd noch minsken dy't sizze: Jo moatte dat net meat wolle, mei sa'n kroade by de doarren del.
"Mar dy formule wurket noch wol altyd. Foarhinne gie it wat oars. No is in kwart fan de opbringst foar de organisaasje. Dy kin dêr hiele moaie dingen mei dwaan. Juster yn Britsum wie it foar in klup dy't yn Tanzania huzen bout. Dy kin wol wat ekstra jild brûke. Yn trije oerkes hawwe se tûzen euro fertsjinne. Dat fyn ik in protte jild. Jo bringe boeken yn de Fryske taal oan de man en organisaasje is bliid mei de opbringst."
Wannear is de earstfolgjende sutelaksje?
"Nije wike yn Weidum. De Harmonie sil it organisearje. Dêrmei gean wy nei Feanwâlden. It is prachtich moai wurk, Minsken binne allegearre fleurich en komst sels ek fleurich thús, as it goed gien is. "