Provinsje is oan set nei útspraak Raad van State oer REC

29 maaie 2019 - 17:30

Neffens de Raad van State stjit de REC tefolle sâltsoer út en wurdt dêrmei de fergunning oertrêden. De Raad van State joech syn oardiel neidat de Stichting Afvaloven Nee dêr oan de belle lutsen hie. De stichting fynt dat de provinsje dêr tsjin optrede moat. In dúdlike útspraak, neamt de Harnzer wethâlder Harry Boon it oardiel.

De ôffaloven yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Het zal studie vergen van de provincie, die heeft het bevoegd gezag en de vergunning afgegeven, wat de betekenis is van de uitspraak. Binnen zes weken moet er een nieuw besluit worden genomen", seit Harry Boon, wethâlder yn Harns, yn in reaksje.

"Het college van Harlingen zal dat goed volgen. We vertrouwen op het bevoegde gezag en hebben goed contact met de provincie." Wat der barre moatte soe, lit er him net oer út. "Ik waag me niet een mogelijk technische oplossingen."

Wat fynt Omrin fan de útspraak?

"Het is goed om duidelijkheid te hebben", seit Jelmar Helmhout, wurdfierder fan Omrin. It bedriuw sil earst mei de provinsje oerlizze oer de konsekwinsjes. "We hebben ons aan de vergunningen te houden. Dat hebben we ook altijd gedaan. Als de spelregels worden aangepast, dan kijken we hoe we ons eraan moeten houden en wat aangepast moet worden. We gaan aan de slag met de nieuwe werkelijkheid."

Wethâlder Harry Boon en Jelmar Helmhout fan Omrin

(advertinsje)
(advertinsje)