Kuieralvestêdetocht dei 2: Femke de Vries

De Kuieralvestêdetocht is wer úteinset. Tiisdei binne 650 kuierders begûn oan de grutste kuiertocht fan Fryslân. Fia WhatsApp hawwe wy alle dagen kontakt mei in oantal kuierders. Sy litte ús meisjen hoe't sy de 'tocht der tochten' belibje. Op dizze twadde kuierdei WhatsAppe wy mei Femke de Vries.
Femke op de earste kuierdei © Eigen foto
Oerdeis wurket Femke (27) op in berneopfang yn De Westereen. As sy frij hat, kuieret sy graach. Dit sil de fjirde kear wêze dat Femke de Alvestêdetocht rint. Femke wol ús graach sjen litte hoe't it deroan ta giet by sa'n grutte kuiertocht.
Fia WhatsApp hâldt Femke ús op de hichte fan har kuiertocht. Hjir ûnder kinne jo dit WhatsApp-petear besjen. Klik earst op 'Enter Story', dan op 'Meet your interviewees' en as lêste op Femke har namme. No kinne jo meisjen mei ús WhatsApp-petear mei Femke. Jo kinne elke kear klikke op de blauwe tekstballon ûnderyn om fierder te gean yn it WhatsApp-petear.
Brûkers fan de Omrop-app kinne it WhatsApp-petear sjen fia dizze link.
Fan tiisdei 28 maaie oant en mei sneon 1 juny is de Kuieralvestêdetocht. Oan de tocht, dy't fiif dagen duorret en yn totaal 207 kilometer lang is, dogge 650 kuierders mei. Alle dagen hawwe wy fia WhatsApp kontakt mei in oantal kuierders dy't ús op de hichte hâlde fan harren kuier troch de alve Fryske stêden.