Kij wer op stâl troch útspraak Ried fan Steat?

29 maaie 2019 - 16:40

De agraryske sektor sit op slot no't de Ried fan Steat it Nederlânske stikstofbelied skrast hat. Plannen fan boeren dy't bygelyks in nije stâl bouwe wolle, driigje net trochgean te kinnen. Ek driget troch de útspraak de ko yn de greide te ferdwinen omdat der in aparte fergunning komme moat foar it weidzjen en bedongjen fan it lân.

Kij - Foto: Shutterstock.com

"Wy hiene dizze útspraak net ferwachte en wy binne ek ferrast troch it twingende karakter dêrfan", seit Trienke Elshof fan boereorganisaasje LTO Noard. "Hjirtroch komme plannen yn de iiskast te stean fan boeren dy't in nije stâl bouwe wolle. Foar prosedueres dy't al rinne, is it gjin probleem. Mar boeren dy't inkeld in melding dien hawwe, mar noch gjin fergunning hawwe, komme yn de knipe."

Unwurkber

Elshof seit dat it ûnwurkber is dat boeren alle kearen in fergunning oanfreegje moatte as de kij de greide yn gean of as se dong útride wolle. "As jo alle kearen in wike of seis wachtsje moatte foar't dy fergunning der is, dan is dat net te dwaan."

De LTO wol gau mei provinsje en ryk om tafel om te oerlizzen wat der mooglik is yn dizze situaasje. Se sille ek kontakt opnimme mei wurkjouwersorganisaasje VNO/NCW, want de útstjit fan ammoniak kin ek komme troch yndustry en wegebou. "Der wurde wol ammoniakmjittingen dien, mar net wêr't it ammoniak krekt weikomt. Boeren dogge der no al wat oan. Komt it allegearre wol fan de lânbou?", freget Elshof harsels ôf.

Der is yn Nederlân in spesjaal programma om stikstof yn kwetsbere natuergebieten werom te dringen. Dat wurket net en dêrtroch ferdwynt biodiversiteit, fine natuerorganisaasjes. Der komme hieltyd minder plantesoarten en fûgels en ynsekten ferwine. En dêrom hawwe natuer- en miljeuorganisaasjes de saak foar de Steatsried brocht.

Blydskip by natuerorganisaasjes

De natuer- en miljeuorganisaasjes binne bliid mei de ferneatiging fan it Nederlânske stikstofbelied. Neffens Greenpeace moat de feesteapel ynkrimpe, omdat de feehâlderij yn de foarm fan ammoniak de measte stikstof útstjit.

"Deze uitspraak heeft gevolgen voor een grote reeks vergunningen voor de bouw van nieuwe stallen. Hieronder valt ook de rechtszaak die Natuurmonumenten en de Brabantse Milieufederatie samen met omwonenden aanspanden tegen het besluit van de gemeente om de bouw van een vee-fabriek van 16.000 varkens naast natuurgebied de Kampina toe te staan", seit Greenpeace.

Foar it klimaat en de sûnens fan minsken is de útspraak ek goed nijs, fine de miljeuorganisaasjes. Natuurmonument seit yn in reakje dat it ferminderjen fan stikstof de grutste prioriteit krije moat. "De stikstofuitstoot in ons land hoort tot de hoogste ter wereld. Deze overdaad aan stikstof is de grootste bedreiging voor de natuur in Nederland'', neffens de organisatie.

Trefwurden: 
boeren kij stikstof
(Advertinsje)
(Advertinsje)