Ljouwert kin him no offisjeel melde foar organisaasje Songfestival

29 maaie 2019 - 16:32

Nederlânske stêden dy't takom jier it Eurovisiesongfestival organisearje wolle, kinne har fan no ôf melde. Dat hat de European Broadcasting Union (EBU) woansdei bekend makke. Ljouwert is ien fan de stêden dy't ynteresse hat.

Foto: ANP

Yn de earste helte fan juny krije de stêden de kritearia te hearren. Op basis dêrfan kinne se in saneamd bidbook gearstalle wêryn't se de organisaasje besykje te oertsjûgjen wêrom't sý it songfestival krije moatte.

Organisaasje bringt besite

Dêrnei kin de organisaasje in besite bringe oan alle plakken dy't har oanmeld hawwe. Yn oerlis mei de EBU wurdt dan bepaald yn hokker stêd it evenemint komt.

Ljouwert krijt konkurrinsje fan ûnder oare Amsterdam, Rotterdam en Maastricht. It songfestival wie fjouwer kear earder yn Nederlân: Hilversum (1958), Amsterdam (1970) en Den Haag (1976 en 1980).

(Advertinsje)
(Advertinsje)