FIDEO: Gramophone Memorial Tour earet omkommen WOII-fleaners

29 maaie 2019 - 16:30

De Gramophone Memorial Tour is in ynternasjonaal projekt om de fleaners te earjen dy't yn de Twadde Wrâldoarloch omkommen binne. Der wurdt in plaat út dy tiid ôfspile op belangrike plakken yn it libben fan de fleaners, lykas it plak dêr't se delstoart binne. Yn Spears en Koudum hat de Tour bygelyks west.

Fan de spyljende grammofoans wurde foto's en filmkes makke, dy't allegear te sjen binne op de Facebookside fan de Gramophone Memorial Tour. Uteinlik moat der ien grutte film fan makke wurde.

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)