HEA! Feanster Fjoerfretters

29 maaie 2019 - 15:56

De Feanster Fjoerdfretters is de wedstriidploech fan it frijwillige brânwachtteam fan It Hearrenfean. It is in hechte groep en bloedfanatyk. Se dogge troch it jier hinne oan ferskillende wedstriden mei en mei sukses: yn 2015 wienen se Nederlânsk kampioen, in prestaasje dy't se dit jier graach werhelje wolle. Dêrom wurdt der serieus oefene.

(advertinsje)
(advertinsje)