Gjin fierder ûndersyk nei Tom Hartog fan Weststellingwerfs Belang

Fraksjefoarsitter Tom Hartog fan Weststellingwerfs Belang wurdt net fierder ferfolge. Dat hat de plysje bekend makke.
Tom Hartog (links) yn de studio fan Radio Weststellingwerf Centraal © Radio Weststellingwerf Centraal
Neffens in wurdfierder binne by it ûndersyk gjin strafbere feiten nei boppen kaam.
Hast in jier lyn waard Hartog de tagong ta in studiogebou wegere. Neffens it bestjoer fan Radio Weststellingwerf Centraal hie er as frijwilliger misbrûk makke fan syn tagong ta de kompjûtersystemen en de sosjale media.
Ek soe er neffens kollega's kwetsende en diskriminearjende saken sein hawwe.