Frou mist stopljocht en stiet fêst tusken slachboom en iepen brêge Aldtsjerk

29 maaie 2019 - 15:26

In frou hat in stopljocht oer de holle sjoen yn Aldtsjerk doe't se de brêge oer De Moark oer ride woe. Gefolch is dat har auto no fêst stiet tusken de iepen brêge en in tichte slachboom.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De frou kaam troch it sintrum fan Aldtsjerk, oer de Van Sminiawei. Flak foar de brêge sit in bocht en nei alle gedachte hie de frou dêr it reade ljocht net sjoen. De brêge wie doe noch net iepen, dus se koe earst trochride. Doe't se krekt oer de brêge wie, wie de slachboom oan de oare kant fan ticht.

Weromride koe net mear, want op dat stuit gie de brêge ek krekt iepen. De auto rekke skansearre troch it kontragewicht fan de brêge. De frou is net ferwûne rekke. De brêge woe in skoftke net mear ticht.

Omliedingsrûte no fêst

Trochtdat de brêge no net mear ticht woe, smiet it ûngelokje problemen op foar it ferkear. De N361 tusken Oentsjerk en Aldstjerk is nammentlik ticht foar ûnderhâld en it ferkear waard troch it sintrum fan Aldtsjerk laat, wêrby't it ek oer de brêge moat.

Oardel jier lyn seagen we alris by de brêge yn Aldtsjerk, om't de bus der it ek dreech hat mei de krappe bocht:

Trefwurden: 
brêge Aldtsjerk
(Advertinsje)
(Advertinsje)