Wêr kinst hinne mei Himelfeartsdei en it lange wykein?

29 maaie 2019 - 15:00

It Himelfeartswykein stiet foar de doar, dat betsjut foar in soad minsken in dei of twa ekstra frij. Fansels kinst genietsje fan dyn frije dei troch thús te bliuwen, mar der binne ek tal fan eveneminten yn ús provinsje. Wy sette se foar dy op in rychje.

Foto: Omrop Fryslân

Alvestêdekuiertocht

Fan tiisdei ôf is de kuiertocht 'der tochten' yn de provinsje dwaande. De 73e edysje begûn yn de Elfstedenhal yn Ljouwert. Sa'n 6.500 dielnimmers rinne yn fiif dagen by de Fryske stêden del. Wolst noch in dei meirinne? It is mooglik om dy by de start noch yn te skriuwen.

Heaven Open Air

In begryp yn Noard-Nederlân, deunby it Oranjewoud Festival is op woansdei en tongersdei op It Hearrenfean in grutte feest line-up en der binne noch kaarten beskikber. Op woansdei kinne minsken genietsje fan artysten lykas 2Unlimited en foar eltsenien dy 't syn jonge jierren wer libje wol is der Ch!pz.

Heechspanning

Ek yn Heech, it eldorado fan wettersportleafhawwers, is der genôch te dwaan. Op tongersdei fan 13.00 oere ôf kinst genietsje fan dûns, muzyk en strjitteäter.

Oranjewoud Festival

Yn Oranjewâld binne fan woansdeitejûn ôf op it festival ferskate klassike konserten te hearren. Der is ek in fergees tagonklike proeftún en foar bern fan 4 jier ôf is der de berneproeftún. Dêrneist is 1 juny de nacht fan it park. De Overtuin sil dan ferljochte wurde en foarsjoen fan muzikale klanken.

Lemmer Ahoy

Lemmer Ahoy is mei yngong fan Himelfeartsdei in striidtoaniel op de Iselmar en de Lemster baai, it is de iepening foar it nije farseizoen foar skûtsjes. It evenemint duorret trije dagen en ek de rest fan 'e Lemmer stiet yn it teken fan gesellichheid.

Strân

Yn it wykein komt de simmer ek noch om 'e hoeke sjen, mei snein sels 25 graden en in soad sinneskyn. Dan kinst fansels ek noch nei it strân. Kinst fansels nei ien fan ús fjouwer prachtige Waadeilannen, mar ek op De Lemmer en yn Makkum is it goed tahâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)