NPO1 stjoert start en eventuele finish fan Alvestêdeswimtocht live út

Telefyzjestjoerder NPO1 stjoert de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden wiidweidich út. Under oare de start op 21 juny yn Ljouwert komt live op telefyzje. Mocht er de finish helje, is dat ek streekrjocht te sjen.
© ANP
It is de twadde kear dat Van der Weijden besiket de tocht fan goed 200 kilometer swimmend ôf te lizzen. Foarich jier moast er nei 163 kilometer opjaan by Burdaard. Hy hie doe 55 oeren swommen en dêrmei 5 miljoen euro ophelle foar kankerûndersyk.
Dit jier sil de âld-olympysk kampioen dus op 21 juny fan start. In dei letter is it de bedoeling dat tûzenen minsken mei Van der Weijden yn en by Starum meiswimme. As alles goed giet, hat er moandei 24 juny de 200 kilometer derop sitten.
Omrop Fryslân folget de Tocht der Tochten fan Van der Weijden ek wiidweidich. We dogge ûnder oare dei en nacht ferslach yn ús liveblog.