Hells Angels helje logo fan klupgebou yn Harns

29 maaie 2019 - 14:36

De rjochtbank yn Utrecht hat woansdei de Hells Angels yn ús lân ferbean. It is foar it earst dat de motorklup yn in lân as folsleine klup ferbean wurdt. Yn Harns binne de gefolgen al te sjen op it klupgebou.

Nei't de útspraak fan de rjochter bekend wurden is, is it logo fan de Hells Angels fan it kluphûs yn Harns helle. De motorklup kin noch yn berop tsjin de útspraak.

Foto: Kappers Media
(advertinsje)
(advertinsje)