Tal smookfrije sportklups yn Fryslân mear as ferdûbele

It tal sportklups yn Fryslân dat folslein smookfrij is, is yn minder as in jier tiid mear as ferdûbele. Der binne no yn totaal 76 ferieningen dêr't net mear smookt wurde mei. Ferline jier wiene dat der noch 36.
Sportklups op wei nei smookfrij © Rookvrije Generatie
Dat it der no safolle binne, hat te krijen mei de stipe dy't ferieningen krije fan sportbûnen en gemeenten. Ek is it maatskiplik draachflak foar smookfrije gebieten in stik heger wurden. Fryslân rint yn totale sifers noch wol efter by oare provinsjes. Sa binne der yn Súd-Hollân 188 klups folslein smookfrij en hawwe yn Gelderlân 136 klups in smookferbod.