Lokale help by earmoede no online beskikber

29 maaie 2019 - 14:00

Minsken dy't te krijen hawwe mei earmoede kinne tenei alle wichtige ynformaasje op ien webside fine. Der is nammentlik in spesjaal register opset, dêr't alle ynstânsjes en organisaasjes dy't har mei earmoede dwaande hâlde yn komme te stean.

Beurs yn de broek - Foto: Shutterstock.com

Hjirtroch moat it foar earme minsken makliker wurde om help te finen. Minsken kinne sykje op doarp of stêd, en krije dan in list mei ynstânsjes dy't yn harren wenplak aktyf binne. De reden dat de webside www.hulpbijarmoede.nl opset is, leit yn it feit dat de stichting Armoedefonds Nederland hieltyd faker telefoantsjes krige, mei fragen fan minsken dy't net wisten wêr't sy help krije koene.

Foar hiel Nederlân steane der goed 1.100 organisaasjes op. De kommende tiid sille dat noch mear wurde.

It tal minsken dat langer as fjouwer jier mei earmoede te krijen hat, wurdt stadichoan mear.

Trefwurden: 
help webside earmoede
(advertinsje)
(advertinsje)