Twadde stakingsdei: no oare sektoaren oan it staken

29 maaie 2019 - 13:34

Op de twadde lanlike stakingsdei wurde der aksjes fierd yn de soarch, bou, metaalsektor, de hannel en oerheid en ûnderwiis. De stakers gean yn protest tsjin de minne pensjoenregelingen. De stakingsdei yn dizze sektoaren is in ferfolch op de stakings fan tiisdei. Doe staakte it iepenbier ferfier.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

De bedoeling fan de fakbûnen FNV, CNV en VCP wie eins om ien lanlike staking te hâlden. Stakers en aksjefierders út de sektoaren soenen op fjouwer lokaasjes yn Den Haag, Eindhoven, Arnhem en Grins by inoar komme, mar in OV-staking hie dat ûnmooglik makke.

De sektoaren dy't woansdei stake hawwe fansels klanten en kliïnten dy't sy betsjinje moatte. "Die hebben daar last van", seit Wilma Nieveen fan FNV Metaal. "Er zijn bedrijven waar het productieproces vertraagd wordt. De sectoren willen opkomen voor hun pensioen, die willen zorgen dat hun pensioen goed geregeld is kunnen vandaag aansluiten bij de demonstratie op de Grote Markt in Groningen."

"Wat vandaag de bedoeling is, is dat we zoveel mogelijk mensen op de been op de Grote Markt hebben, zodat Wouter Koolmees (fan Sociale Zaken en Werkgelegenheid) ziet dat het serieus is."

Wilma Nieveen fan FNV Metaal

(advertinsje)
(advertinsje)