Raad van State: 'REC stjit tefolle sâltsoer út'

De REC yn Harns stjit tefolle sâltsoer út en hat dêrmei de fergunning oertrêden. Dit hat de Raad van State útsprutsen. De provinsje hat it foech om hjir tsjin op te treden, mar die dat oant no ta net. Stichting Afvaloven Nee hie dêr beswier tsjin makke. De saak tsjinne by de Raad van State tusken de Stichting Afvaloven Nee en de provinsje Fryslân.
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Earder dit jier hie de provinsje gelyk krigen fan de rjochtbank Noard-Nederlân. Der wie in soad diskusje oer de wearden fan it sâltsoer, mar de Raad van State fynt dat Omrin yn Harns net foldocht oan de fergunning en dat it kolleezje hjir tsjin optrede kin. De provinsje moat no op 'e nij in beslút nimme op it beswier fan de Stichting afvaloven Nee.
Foar de Stichting Afval Nee is dizze útspraak in befêstiging. "Dit zeggen we al jaren, de procedure loopt al zes jaar", seit Hans Gillissen. "De meetonzekerheid van Omrin is te hoog en dat mag niet. Nu hebben we gelijk gekregen. Het voelt als rechtvaardigheid. We verwachten veel commotie rondom deze uitspraak."
Hy ferwachtet dat Omrin in grut probleem krijt. "Het zoutzuur moet omlaag. Ze hebben de regels overtreden en worden teruggefloten door de Raad van State. De provincie moet nu aan de bak en Omrin gaan handhaven. Omrin moet aan de bak om de norm, opgelegd door de Raad van State, te gaan halen."
Neffens him is it noch mar de fraach oft it fabryk technysk oanpast wurde kin.
De provinsje hat noch gjin reaksje op de útspraak jûn.
Hans Gillissen