Dokkum komt by premjêre TITUS mei nij spesjaalbierke

29 maaie 2019 - 12:27

Mei de premjêre fan it muzykteäter TITUS takom freed komt Stadsbrouwerij Bonifatius mei in nij type spesjaalbier: bier broud mei kleasterfruit fan de swarte moerbeibeam dy't yn Dokkum stiet.

Foar de stedsbrouwerij is it wichtich dat der wer in produkt komt dat in ferbân hat mei de Dokkumer skiednis. "Dy keppeling is der, want yn Dokkum stiet de âldste moerbeibeam fan Europa", seit Frank van Dijk. "Tsjin de súdmuorre fan de Grutte Tsjerke. Fan de bessen fan dy beam ha we de drank broud."

Titus Brandsma

De beammesoart hat syn oarsprong yn Azië en is troch de Romeinen ris nei Europa brocht. Om't de moerbeibeammen iuwen âld wurde kinne, steane der noch hiel âlde eksimplaren yn kleastertunen. Kleasterling Titus Brandsma die in soad ûndersyk nei de rike kleasterhistoarje fan Fryslân, wêrûnder it Bonifatiuskleaster yn Dokkum.

Museum Dokkum hat it 'plukrjocht' fan de bessen. De stedsbrouwerij ferkeapet it bier. "We ha no fjouwer ferskate soarten spesjaalbier mei in bysûnder ferhaal oer de skiednis fan it Dokkumer bier." Nei de foarstellingen fan TITUS is it bier ek te keap yn de winkels en hoareka.

(Advertinsje)
(Advertinsje)