'Helte fan alle arbeidsmigranten moat ferhúzje'

De helte fan alle arbeidsmigranten yn de gemeente Waadhoeke soe ferhúzje moatte. Dit stelde de wurkgroep Húsfêsting Arbeidsmigranten tiisdeitejûn yn in advys oan de gemeente. De arbeidsmigranten binne wolkom, mar yn guon doarpen en strjitten wenje te folle, wêrtroch't neffens de wurkgroep problemen ûntsteane.
© Omrop Fryslân
Wietske Schober fan de wurkgroep
De ferhâlding tusken 'long stay'- en 'short stay'-migranten soe oars moatte, fynt de wurkgroep. Der binne no folle mear migranten dy't relatyf koart yn de gemeente wenje. Mei dy groep hawwe doarps- en buertbewenners minder kontakt. Ut ûndersyk docht bliken dat der tusken de 1500 en 2200 arbeidsmigranten yn de gemeente ferbliuwe.
Marcel van de Vaart fan pleatselik belang Sint-Jabik
Fan de wurkgroep kin de helte bliuwe yn de wente dêr't se no wenje, de oare helte soe nije húsfêsting krije moatte. Bygelyks yn in oar doarp, op it terrein fan de wurkjouwer of yn it bûtengebiet. De wurkgroep kaam mei it advys nei mear as hûndert petearen yn de gemeente oer dit ûnderwerp mei belutsenen.