Boargemaster Crone slút twa wenningen om drugs
Boargemaster Crone fan Ljouwert hat tiisdei op 'e nij twa wenningen sletten op basis fan de Opiumwet.
It giet om in wenning oan de Vletstrjitte yn Ljouwert en in wenning oan de Oostergoostrjitte yn Grou.
By de earste wenning waard harddrugs oantroffen, dêr't mei hannele wurde koe. Yn Grou wie sprake fan in himpkwekerij.
Der is neffens de gemeente Ljouwert gjin ferbân tusken de wenningen. It binne it alfde en tolfde hûs dat Crone dit jier slút.