Tekoart fan hast fjouwer miljoen euro yn Dantumadiel

De gemeente Dantumadiel hat in tekoart fan 3,9 miljoen euro op de jierrekken fan 2018. Lykas yn oare gemeenten falle benammen de kosten yn it sosjaal domein ôf. It tal kliïnten yn de jeugdsoarch is yn 2018 mei 22 persint tanommen. Hjirtroch is ien miljoen euro mear útjûn.
It gemeentehûs fan Dantumadiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ek krije folle mear minsken stipe út de Wet Maatschappelijke Ondersteuning. Gebietsteams yn Dantumadiel spoarden in soad minsken mei problemen op. Der is yn 2018 dan ek hast 1 miljoen ekstra útjûn oan de WMO.
Neffens wethâlder Kempenaar moat de gemeente foars yngripe en kieze om de finansjele posysje te fersterkjen.

Lanlike trend

"It is in lanlike trend, meardere gemeenten ha dit sinjaal jûn by de VNG dy't foar de gemeenten lobbyt yn Den Haag. It belied is lestich út te fieren mei de budzjetten dy't we hawwe."
Lanlik is it gemiddelde tsien prosint. Dat syn gemeente derboppe sit, hat neffens de wethâlder te krijen mei de previnsje dy't de gemeente docht. "We dogge in protte oan previnsje, dus oan de foarkant, mei in jeugdwurker yn it fjild. Dat resultearret yn mear soarchfragen. Mar op de lange doer ha we dêrtroch minder kosten yn it trajekt dêrnei, dat krekt hegere kosten mei him meibringt. Dus yn de takomst sille we minder útjaan."
De opposysje is kritysk en seit dat der te min kontrôle is op de jildstreamen. "Net alles komt direkt by de gemeente. Sa'n sechtich prosint fan de trochferwizingen rinne fia de hûsdokter. As gemeente komme we te let yn dat trajekt. We moatte sjen nei de kostebehearsking yn it sosjaal domein en mear witte wat op ús ôfkomt."

Soarchlik

De wethâlder neamt de sitewaasje soarchlik. "We sille mei in herstelplan komme en in scan meitsje wat we dwaan kinne. It kolleezje moat in 'pas op de plaats' dwaan en mei in krityske blik nei de finânsjes sjen."
Wethâlder Rommy Kempenaar