Friezinnen wolle massaal plakje yn nijste boerinnekalinder

29 maaie 2019 - 11:00

Friezinnen hawwe harren massaal oanmeld om yn de nijste boerinnekalinder te ferskinen. Fan de 316 oanmeldingen dy't de organisaasje binnen krige, kamen der 49 út Fryslân. Dêrmei is de belangstelling foar de kalinder lanlik sjoen út ús provinsje it grutst.

Foto: Boerinnen Kalender

De organisaasje fan de boerinnekalinder hat út alle oanmeldingen al in seleksje makke. Fan alle belangstellenden binne 30 útnûge foar de castingdei op sneon 1 juny. Hoefolle Friezinnen dêr by sitte, is net bekend makke. Fan de 30 sille der úteinlik 15 in plakje yn de boerinnekalinder fan 2020 krije.

Neist in kalinder mei boerinnen komt der ek ien mei boeren. De belangstelling ûnder manlju om jannewaris, maaie of desimber te fertsjintwurdigjen is minder grut: de organisaasje krige 53 oanmeldingen binnen. Hoefolle dêrfan út Fryslân komme, makke de organisaasje net bekend.

Begjin oktober moatte beide kalinders yn de winkel te keap wêze.

Trefwurden: 
Boerinnekalinder
(Advertinsje)
(Advertinsje)