Twangsom foar brouwerij Dokkum; wethâlder makket hichte net bekend

29 maaie 2019 - 10:56

Brouwerij Dockum yn Dokkum hat in twangsom oplein krigen fan de gemeente Noardeast-Fryslân. It bedriuw moat fan de gemeente foar 4 july ophâlde mei syn restaurantdiel en de ferkeap fan wensaken, om't it dêr gjin fergunning foar hat. De hichte fan de twangsom wol de wethâlder net bekend meitsje.

Brouwerij Dockum - Foto: Omrop Fryslân

Wethâlder Theo Berends

Brouwerij Dockum gie yn septimber 2018 iepen, it restaurant yn desimber dat jier. Wêrom is no pas de twangsom oplein?

"Het is een proces en dat moet je zorgvuldig doen", leit wethâlder Theo Berends út. Der is in brief stjoerd dat de saak mei ophâlde moast mei de yllegale aktiviteiten, dêr koe it bedriuw op reagearje en dêrop reagearre de gemeente dan wer. "We moeten kijken of de reacties hout snijden of niet en dan in het college bespreken wat de mogelijkheden zijn. De conclusie is dat het op dit moment niet kan en voorlopig ook niet."

Pas mei in oar bestimmingsplan soe it mooglik wêze. De gemeente tinkt nei it oer it gebiet dêr't de brouwerij sit. "Zo'n proces duurt minstens een jaar."

Hoe heech oft de twangsom is, wol de wethâlder net sizze. "Hoog genoeg. Of mensen zeggen dat die niet hoog genoeg is of ze zeggen dat het belachelijk is zo'n hoog bedrag." De wethâlder hat it de eigeners tiisdei persoanlik ferteld.

Watfoar fergunning hat de gemeente ôfjûn?

"De vergunning voor de brouwerij, en later het proeflokaal, was dat ze hun eigen biertjes kunnen laten proeven bij rondleidingen en daarbij hapjes serveren." Nei de iepening die bliken dat se ek oare alkohol as bier ferkochten en iten. En dat stiet net yn de fergunning. "Dat hoort bij een restaurantfunctie. Dat is daar niet toegestaan."

(Advertinsje)
(Advertinsje)