Kollum: "Skutte"

29 maaie 2019 - 08:56

"Lêstendeis wiene we efkes yn it Wadden Center op de Ofslútdyk by Koarnwertersân. Of nee, dat wie net efkes: je wurde dêr sa triggere dat je dêr wol in pear oeren omhingje kinne. Op tige ferrassende en de meast ûnderskate wizen wurdt dêr it ferline en de takomst fan de Ofslútdyk yn byld brocht."

Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Eelke Lok

"Dêrneist sitte der finsters yn it gebou. Ik soe dêr ek wol de hiele dei wat sitte kinne en útsjen oer de Iselmar. It kostet net mear as in kop kofje, want it frommeske efter de baly by de yngong sei dat wy, krekt as elk dy't troch de doar kaam, de gasten wiene fan Rykswettersteat en de provinsje Fryslân. Hartstikkene moai.

We wiene der dochs, dus we woene ek efkes yn it Kazemattenmuseum sjen, mar it wie moandei en dan wurdt de oarloch net betocht. Ik ha yntusken al lêzen dat it spul dêr ek oer de kop helle is. We moatte der mar gau ris wer hinne.

Koarnwertersân fyn ik sawysa in moai plakje. Dêr giene we eartiids freeds altyd hinne en kochten dan de ûndermaatske fisk fan de Urkers. Dy fearen nei hûs en koene dat spul net meinimme, mar sa der noch wat oan fertsjinje.

Koarnwertersân, in tige lytse mienskip. Ik ha noch wolris yn ien fan dy húskes west, want ik koe ien fan de dêr wenjende slûs- en brêgewachters.

It wie no suver wol moai, al dat âlde tinken te ferlykjen mei de nije tiid. De trijemêster dy't fan Makkum kaam, wie noch al wat moderner as de âlde aken en Westlanders dy't dêr oait ek fearen. Hy kaam nei de brêge ta, aanst moast dy omheech en dan soenen der trijehûndert auto's efkes stean te wachtsjen. En dan koe it skip de slûs yn.

De slûs. Doe't we dêr as jonkjes kamen, fûnen we it in grutte slûs. De tiid is lykwols feroare en deputearre Klaas Kielstra hat syn hiele deputearrekarriêre útlein dat it no in té lytse slûs is. It is in 'perpetuum mobile'. Je meitsje in dyk yn 1932. Mei in slûs deryn dy't grut genôch wie om alles wat der hinne farre moat of boud wurdt der troch kin. No meitsje se dêr de skippen sa grut dat se net mear troch de slûs kinne. Dwazen. Wa bout no in skip dat je by Koarnwertersân earst út elkoar helje moatte en oan de oare kant fan de dyk wer yn elkoar sette moatte? Dat dogge je dochs net? Ja, dat dogge se wol. En dan roppe se dat dy slûs breder moat en stjoere se Klaas nei Den Haach om te regeljen dat soks bart.

Under syn earm de rapporten dy't Fryslân, Noard-Hollân en godbetert Oerisel skreaun ha: dat der trijetûzen arbeidsplakken by komme sille as de slûs breder wurdt. Folsleine nonsens. Want se sette gewoan de perpetuum troch, de nije skipshellingen wurde aanst sa grut dat in nije slûs aanst ek wer te lyts is. Sjoch de farwei nei Drachten, giet presys sa.

In bredere slûs kostet 205 miljoen. CDA-Keamerlid Harry van der Molen ferklapte dat der al wer 40 miljoen oerheidsjild klear leit. Dat is frjemd, want Klaas Kielstra is al trije kear út Brussel thúskaam mei in lege ponge. Se bliuwe lykwols o sa entûsjast, dy politisy. Se sizze dat se it jild wol byinoar krije sille, wylst ik my ôffreegje wêr't dy noch nedige 40 miljoen noch weikomme moat.

Miskien dat Huawei it betelje sil. Dat liket my de bêste opsje. Dan is it lykwols al wer trije jier letter as soe, want dan pas meie de Sinezen wer meidwaan. Dan is it wurk ek wer safolle djoerder wurden. Dat moat Saoedy-Arabië mar jaan, dan kin it nije jacht fan kening Salman bin Abdul Aziz al-Saud moai yn Makkum boud wurde, krekt as dat fan Trump eartiids.

Foar trije kear yn it jier sa'n pronkerich jacht moat de slûs fan Koarnwertersân breder makke wurde. Myn geâldehoer jout neat, se dogge it dochs wol. Mar juster hearde ik dat fanwege de wynmûnen ien weihelte dêr in heal jier ticht wêze sil. As der in nije slûs komme moat, is der oer de Ofslútdyk trije jier lang gjin inkeld ferkear mear mooglik. Sels net rinnende."

Trefwurden: 
De Toan fan Kollum Eelke Lok
(advertinsje)
(advertinsje)