HARKJE: Casa Ennema fiert jubileum mei bysûndere live-útstjoering

29 maaie 2019 - 19:02

Casa Ennema bestiet woansdei ien jier en in wike. It programma is sûnt it debút alle wurkdagen te beharkjen tusken 19.00 en 20.00 oere. Woansdeitejûn is der in spesjale live-útstjoering mei artysten Egbert van der Werff (William Seen's Transport Music) en de nije Fryske band Seewolf.

Yn it radioprogramma draait presintator Eric Ennema allinnich muzyk fan Fryske artysten. "Yn myn programma besykje ik muzyk te draaien dy't minsken net sa gau hearre, net by de Omrop en net by oare stjoerders", fertelt Ennema oer syn programma.

"Dat betsjut muzyk út de tachtiger en njoggentiger jierren, de Friese Bries, de tiid dat de Fryske bands hiel populêr wiene, oant en mei de muzyk dy't no makke wurdt. Alles komt wol wat foarby."

Foto: Omrop Fryslân, Geertrui Visser

Casa Ennema mei Seewolf en Egbert van der Werff live yn de studio

Eagen en earen iepen

Nijsgjirrich is hoe't Ennema oan dy muzyk komt. "Ik krij in soad muzyk fan muzikanten, omdat ik sels ek muzikant bin. Dêrneist hâld ik myn eagen en earen iepen om te sjen wat aardich en relevant is om yn sa'n programma te draaien."

Casa Ennema wurdt útstjoerd op in oere wannear't net in soad minsken de radio oan hawwe. Dat hoecht net perfoarst neidielich te wêzen. "Ik tink dat minsken bewust kieze om te harkjen nei Casa Ennema, om't sy it aardich fine, om't sy op de hichte wêze wolle wat aktuele Fryske muzyk oanbelanget."

Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)