Mear minsken mei jildproblemen wurde holpen: "We lopen op schema"

29 maaie 2019 - 06:43

Hieltyd mear gemeenten yn Fryslân slute harren oan by Amargi. Dizze organisaasje helpt minsken dy't yn de finansjele problemen driigje te kommen. Yn 2017 is Amargi mei in pilot úteinset yn de gemeente Ljouwert, wêrmei't hûndertfyftich húshâldingen holpen wurde kinne.

Foto: Pexels.com

Margriet Gerritsma fan Amargi oan it wurd

Troch in subsydzje út it 'kansenfonds' fan de provinsje is Amargi no dwaande om ek yn de oare Fryske gemeenten aktyf te wurden. Yntusken binne Tytsjerksteradiel, Waadhoeke en Opsterlân oansletten. Mei oare gemeenten wurdt noch praat.

Amargi wurket ek gear mei in oantal wurkjouwers. "Wij sluiten een convenant met een aantal partners, zoals woningbouwverenigingen en zorgverzekeraars", leit Margriet Gerritsma fan Amargi út. "Wanneer er bij een zorgverzekeraar een klant is die zijn facturen niet meer betaald, bellen wij hem of haar met de vragen: kunnen we u hulp aanbieden, zijn er geldproblemen? Wanneer dat het geval is, wordt gekeken of er preventief geldzorgen kunnen worden weggenomen. We hebben gemerkt dat daarmee problematische schulden worden voorkomen."

Gerritsma sjocht dat Amargi op de goede wei is. "Onze pilot loopt tot februari 2020. De doelstelling is in totaal vijfhonderd mensen helpen. We lopen op schema, maar dat betekent wel dat hoe meer gemeenten en werkgevers zich straks bij ons aansluiten, des te makkelijker het wordt die doelstelling te behalen."

Trefwurden: 
skuld Amargi
(Advertinsje)
(Advertinsje)