Follybalfroulju ferlieze fan Brazilië yn Nations League

28 maaie 2019 - 22:34

De Nederlânske follybalfroulju binne de twadde wikke fan de Nations League tiisdeitejûn begûn mei in nederlaach. Yn Apeldoorn ferlearen se fan twafâldich olympysk kampioen Brazilië. Pas yn de fyfde set fan de wedstriid waard de winner beslist. De froulju ferlearen de spannende wedstriid mei 2-3. Friezinnen Hester en Marrit Jasper spilen mei.

De froulju begûnen sterk oan de wedstriid en feroveren net allinnich it earste punt, mar ek de earste set. Mei 25-21 pakten se de foarsprong yn de wedstriid.

De teams wiene lykwols oan elkoar weage. Yn de twadde set gie it lang lykop, mar de Nederlanners wiene úteinlik mei 28-30 proai foar Brazilië. Ek de tredde set wie foar de gasten. Mei 20-25 pakte Brazilië de 1-2 foarsprong.

It kaam derop oan foar de follybalfroulju: de fjirde set moast wûn wurde. Op 'e nij waard alles út de kast helle. Mei resultaat, want mei in setstân fan 25-18 wisten de Oranje froulju de wedstriid wer lyk te setten.

En sa kaam it ta in fyfde set, dy ferlern waard. De winst gie yn Apeldoorn lang om let nei de Braziliaanske follybalfroulju, mei setstannen fan 25-21, 28-30, 20-25, 25-18, en 11-15.

Programma

De kommende dagen spilet Oranje ek noch tsjin Bulgarije en Poalen, ek yn Apeldoorn. Yn de earste wike fan de Nations League wûn Nederlân yn Belgrado fan Súd-Koreä, mar ferlear fan Servië en Turkije.

(advertinsje)
(advertinsje)