City Train krijt gjin fergunning foar it ophingjen fan boerd

28 maaie 2019 - 22:11

De Ljouwerter City Train wachte al mear as in heal jier op tastimming fan de gemeente om in fêst ynformaasjeboerd op te hingjen op it Wilhelminaplein. Yntusken hat de gemeente Ljouwert witte litten dat it net in fergunning jaan sil foar it ophingjen fan it boerd.

De Citytrain Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Foar de oanfraach hat de gemeente advys ynwûn by de wolstânskommisje Hûs en Hiem. Dy hat de gemeente advisearre gjin meiwurking te ferlienen oan it plan. Ien reden soe wêze dat de iepenbiere romte sa min mooglik belêste wurde moat mei objekten dy't gjin direkte relaasje mei de omjouwing hawwe.

In oare reden dy't jûn wurdt, is dat it boerd te grut is. It soe it romtlik byld oantaaste en net passe yn it strjitbyld. Ta beslút soe it boerd net yn direkte relaasje stean mei itjinge dêr't it om giet. As de City Train net op syn stânplak op it Wilhelminaplein stiet, soe de relaasje tusken it boerd en it treintsje te fier te sykjen wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)