Oardel jier sel foar asylsiker nei oanfal mei stikkene flesse

In 24-jierrige asylsiker út Niger, dy't op 4 desimber fan foarich jier yn it asylsikerssintrum fan Drachten in meiwurker fan it COA mei in stikkene flessehals bedrige, is tiisdei troch de rjochtbank fan Ljouwert feroardiele ta oardel jier sel.
Rjochter © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Nigerees wie swier ûnder ynfloed doe't hy syn kontaktpersoan by it COA (Centraal Orgaan opvang asielzoekers) oanfoel mei in stikkene flessehals. Hy besocht it slachtoffer op de holle en yn de hals te reitsjen. De COA-meiwurker koe de oanfal ôfwarre. De rjochtbank achte it besykjen ta deaslach bewiisd.
De asylsiker hat ek noch trije helpferlieners achternei sitten. De helpferlieners koene fuortdrave en hiene harsels opsletten oant de plysje kaam.
De Nigerees hie dy dei te hearren krigen dat hy Nederlân ferlitte moast en dat hy útsetten wurde soe nei Italië, it lân dêr't hy him as asylsiker melden hie. Hy ferbleau sûnt july foarich jier yn Nederlân.