Snitser skoalbern nominearre foar lanlike profylwurkstikpriis

28 maaie 2019 - 21:42

Learlingen fan it CSG Bogerman yn Snits binne mei harren profylwurkstik nominearre foar in lanlike priis. It giet om de Onderwijsprijs fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen. Yn elk skoalprofyl wurde lanlik de trije bêste wurkstikken selektearre.

Foto: Google Streetview

Silke van der Wal en Luut van Gent ûndersochten yn de kategory Kultuer en Maatskippij it Nederlânske ynboargeringstrajekt en yn hoefier't dat trajekt de foarôf stelde doelen realisearret. Goed 14.500 flechtlingen hawwe yn it ôfrûne jier yn Nederlân asyl oanfrege, mar wat bart der eins wannear't besletten wurdt dat se bliuwe meie?

It twatal ûntduts krityske ferbetterpunten en jout de Ryksoerheid en it ministearje fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid advys.

De KNAW Onderwijsprijs wurdt dit jier foar de alfde kear organisearre. Yn elts profyl - Kultuer en Maatskippij, Ekonomy en Maatskippij, Natuer en Sûnens, en Natuer en Technyk - binne trije wurkstikken nominearre. Op hokker plak oft de skoalbern yn harren profyl einigje, wurdt by de priisútrikking op 11 juny bekend makke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)