Seldsume fûgel dûkt op op Skiermûntseach

Op Skiermûntseach is in bysûndere fûgel ûntdutsen. It giet om de seldsume bûnte seedûker, in 'parelduiker' yn it Nederlânsk. Moandei waard der in ferswakke eksimplaar binnenbrocht by Faunavisie Wildcare yn Westernijlân, Grinslân.
© Wikipedia
De fûgel waard troch jutter Teun Talsma oantroffen op Skiermûntseach. Pim Lollinga fan Faunavisie Wildcare besiket it bistje wer op te laapjen. "Gisteren gaf ik hem een overlevingskans van ongeveer tien procent, maar inmiddels ben ik een stuk positiever", sa seit er tsjin RTV Noord.

Siik

Normaal sprutsen is de bûnte seedûker te finen by Kanada, it noarden fan Skotlân en it noarden fan Skandinavië. "Misschien heeft hij een verkeerd visje gegeten en is hij ziek geworden, waardoor hij zijn verenkleed niet meer in goede conditie kon houden", fertelt Lollinga. "Dan wordt zo'n vogel als het ware lek. Meestal gaan ze dan dood, maar deze heeft de mazzel gehad dat ie aanspoelde op Schiermonnikoog."

Paad werom

As de fûgel opknapt is, wurdt er nei Skiermûntseach brocht, dêr't er loslitten wurde sil. Lollinga ferwachtet dat it de fûgel slagje sil om it paad werom te finen.