Jong Oranje-froulju winne earste wedstriid ea op Nordic Open Tournament

De froulju fan Jong Oranje kamen tiisdeitejûn foar it earst ea yn aksje. It team foar spylsters ûnder 23 is dizze moanne oprjochte. De froulju binne harren earste wedstriid op it Nordic Open Tournament yn Sweden útseinset mei winst. De wedstriid einige yn 0-1.
Danique Ypema spile earder foar Oranje ûnder de 20 © www.orange-pictures.nl
De ploech, dy't oant augustus ûnder lieding fan Jessica Torny stiet, kaam tiisdeitejûn foar it earst yn de histoarje yn aksje. Op it Nordic Open Tournament, in ynternasjonaal toernoai, namen se it op tsjin Sweden.
Spits Katja Snoeijs slagge der al rap nei de rêst yn om it earste en iennige doelpunt fan de wedstriid te skoaren. Danique Ypema, SC Hearrenfeanspylster, stie yn de ferdigening. Melanie Bross, Fenna Kalma, Tiny Hoekstra, Quinty Sabajo en Suzanne Admiraal, ek Hearrenfeanspylsters, sieten op de bank.
Tongersdei fuotbalje de froulju wer. Dan is Noarwegen harren tsjinstanner. Sneon spylje se harren lêste wedstriid op it Nordic Open Tournament tsjin Ingelân.