KNRM fisket seeko út de Waadsee

28 maaie 2019 - 19:56

De KRNM moast tiisdei útfarre foar in wol hiel bysûndere rêdingsaksje. In ko hie op 'e hichte fan de Ballumerbocht op It Amelân besletten om in swimtochtsje te meitsjen yn de Waadsee.

Foto: KNRM Ameland

It bist mocht foar it earst nei bûten ta en waard dêr sa dolentûsjast fan dat se oer de dyksleat hinne sprong. Gelokkich seach de boer it barren. Hy alarmearre de kustwacht en dy koe it bist gau wer op it drûge krije.

Foto: KNRM Ameland
(advertinsje)
(advertinsje)