UPDATE: Brân op De Lemmer is útmakke

28 maaie 2019 - 18:40

Meardere brânwachtkorpsen binne tiisdei oan it begjin fan de jûn oproppen foar in brân oan de Kadijk yn De Lemmer. It soe gean om in brânende auto dy't yn in loads stiet. De brân is yntusken dwêsten.

Brânwacht op de loads yn De Lemmer - Foto: De Vries Media

Foar it útmeitsjen fan de brân wiene de brânwachtkorpsen fan De Lemmer, Sleat en It Hearrenfean oproppen. Fan dat lêste korps waard de heechwurker ynsetten.

De brânwacht docht op it stuit neikontrôles yn en om it pân hinne. Stichting Salvage is oproppen om de bewenners by te stean by it ôfhanneljen fan de skea.

Trefwurden: 
De Lemmer brân
(advertinsje)
(advertinsje)