Panorama Nederland: in blik op de takomst fan Fryslân

De oplossingen fan ús problemen lizze net yn 'e stêd, mar op it plattelân sa as yn Fryslân. Dat seit Rijksbouwmeester Floris Alkemade by de iepening fan Panorama Nederland yn Ljouwert. De Kulturele Haadstêdorganisaasje hat dizze 360 graden eksposysje nei Fryslân helle. It foarmet in fisuele blik op de takomst fan ús lân. It moat in oanset wêze om te praten oer de takomst fan Fryslân.
Panaroma Nederland
Klaas Sietse Spoelstra hat Panorama Nederland nei de Kanselarij yn Ljouwert helle. Doel is om te betinken yn hokker Fryslân we wenje wolle en hoe't we dat foarinoar krije kinne. It heart by it ferfolch fan LF2018. "Mei Kulturele Haadstêd hawwe we maatskiplike tema's in gesicht jûn. Sa as duorsume enerzjy mei de Elfwegentocht of biodiversiteit en feroaringen yn de lânbou mei Kening fan 'e greide."
Ein juny wurdt troch de organisaasje fan Kulturele Haadstêd in nij bidbook presintearre dat oanslút by de maatskiplike tema's. "Kultuer kin hjir in frisse blik op en in triuw oan jaan."
© Omrop Fryslân, Wendy Kennedy
Kommende tiid sille der lêzingen en diskusjegearkomsten holden wurde. It giet oer trije tema's. "Ien dêrfan is de sirkulêre opjefte yn Fryslân. Yn ús lânbou en hoe't we mei enerzjy omgeane." De oare twa tema's binne wetter en brede wolfeart wêrby't mear sosjale tema's oan bod komme sa as krimp, sûnens en taal.

Oplossingen lizze op plattelân

Panorama Nederland is betocht troch de saneamde Rijksbouwmeester en foarmet in lange termynfyzje op hoe't we problemen yn Nederlân it bêste oanfleane kinne. Sa as op it mêd fan wenjen, natuer, duorsumheid en lânbou. Neffens Alkemade lizze de oplossingen foaral op it plattelân.
"Het zijn allemaal ruimtelijke opgaven waarvoor je ruimte nodig hebt en dat is iets wat Friesland biedt", seit Alkemade. "De combinatie met water en wind op zee. Er is een aantal thema's dat Friesland echt op de kaart kan zetten. Bedenk op een andere manier hoe we onze energie kunnen opwekken, maar hoe doe je dat zonder het verlies van ruimtelijke kwaliteit? Bedenk hoe we voedselproductie kunnen koppelen aan natuurontwikkeling in plaats van hoe nu de biodiversiteit wordt gedegradeerd."
Klaas Sietse Spoelstra hat Panorama Nederland nei Fryslân ta helle.

Wat is in Rijksbouwmeester?

De Rijksbouwmeester is yn tsjinst fan it Ryk, mar is wol ûnôfhinklik. Hy advisearret oer arsjitektuer, de omjouwing yn 'e stêd en it fêstgoed fan it Ryk. Ek hat hy Panorama Nederland makke, in fyzje op de takomst fan Nederlân. As fertaling hjirfan is dit takomstbyld fan Nederlân op in fisuele wize foarmjûn yn in 360 graden ferbylding. It panorama reizget yn 2019 troch it hiele lan en is fan 28 maaie oant en mei 7 juny te sjen yn de Kanselarij yn Ljouwert.