Bewenners bliid nei útstel sloop Nij Ylostins yn Drylts

29 maaie 2019 - 17:00

De sloop fan fersoargingskompleks Nij Ylostins yn Drylts wurdt útsteld oant 2022. Dat stiet yn in brief oan de bewenners. "Wy binne geweldich bliid, allegearre", fertelt bewenner Hinke van Slooten.

Koartlyn hawwe de gemeente Súdwest-Fryslân, wenningkorporaasje Elkien, soarchorganisaasje Patyna en Stadsbelang IJlst praat oer de takomst fan de soarch yn Drylts. Dêrby binne ôfspraken makke oer de stappen dy't set wurde moatte om dy soarch op in goed nivo te krijen. Foarútrinnend dêrop hat Elkien besletten om de sloop fan Nij Ylostins út te stellen oant 2022. De sloop stie pland foar takom jier.

De fjouwer organisaasjes litte yn de brief witte dat de bewenners yn de earste wike fan juny mear ynformaasje krije.

Geeske Hoomans wennet al 27 jier yn Nij Ylostins - Foto: Omrop Fryslân

Praat fan de dei

Yn Nij Ylostins is it brief fan Elkien fansels it praat fan de dei. "Wy binne geweldich bliid, allegearre", fertelt bewenner Hinke van Slooten. "De stemming wie moannenlang yn mineur, mar dat is no wer oer."

Aksjefierder Joke Schilling is hiel bliid foar de bewenners. "Zo zie je maar hoe weinig er voor nodig is om de bewoners gelukkig te maken." Sy pleitet derfoar om de bewenners yn alle gefallen de kommende simmer mei rêst te litten. "Laat ze genieten van de zomer, dan kunnen de mensen hier heel oud worden."

Aksjefierder Joke Schilling

Geeske Hoomans (89) wennet al 27 jier yn Nij Ylostins. Sy is ek bliid mei it brief fan Elkien en de gemeente Súdwest-Fryslân, mar fertrout it noch net hielendal. "De sloop moat net útsteld wurde, mar hielendal fan de baan. Wy geane no troch mei de striid."

Bewenner Geeske Hoomans

Hoe komt it no?

Hoe't de takomst fan Nij Ylostins der op langere termyn útsjocht, bliuwt ûnwis. In aksjegroep út Drylts besiket no om it kompleks op de gemeentlike monumintelist te krijen, om sa nije sloopplannen foar te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)