Je hjitte Weening of net: op de fyts nei skoalle fan Oerterp nei Grins

28 maaie 2019 - 17:33

Wat dogge je as je op grutte ôfstân fan skoalle wenje en it iepenbier ferfier net rydt fanwegen in staking? Wybren Weening út Oerterp stapte gewoan op de fyts. Je hjitte Weening of je hjitte gjin Weening.

Foto: Gomarus College

De Oerterper sit yn Grins op it Gomarus College op skoalle. Dy skoalle die in oprop om dochs gewoan te kommen, nettsjinsteande de OV-staking.

Wybren stapte tiisdeitemoarn om 6.00 oere op syn mountainbike - net elektrysk - om op tiid op skoalle te wêzen yn Grins. Nei skoaltiid hat er deselde rit makke yn omkearde rjochting. De skoalle jout Wybren en alle oaren dy't der gewoan wiene de kompliminten.

(advertinsje)
(advertinsje)