FNV ferwachtet rap reaksje op staking yn it iepenbier ferfier

28 maaie 2019 - 17:31

It fakbûn FNV ferwachtet tiisdeitejûn in reaksje fan it kabinet op de staking yn it iepenbier ferfier. Oant no ta sit der noch gjin skot yn, sei FNV-bestjoerder Anja Dijkman.

Foto: Omrop Fryslân, Alle Faber

Anja Dijkman oan it wurd

De staking hat as doel bettere pensjoenfoarsjenning foar bus- en treinpersoniel, en it befriezen fan de AOW-leeftiid op 66 jier. Dat doel jildt ek foar oare sektoaren, lykas de bou en de metaal, en foar zzp'ers mei swiere beroppen.

Dijkman fûn it ymponearjend, hoe't alle treinen en bussen tiisdei stilstiene. "Minsken wiene tige motivearre om mei te dwaan en de staking ta in sukses te meitsjen. Ik tink dat it ek in sukses is dat it publyk begrypt wêr't it oer giet. Ik hearde fan leden gjin klachten of ferfelende reaksjes fan it publyk", fertelt se.

De staking hat tiisdei net foar problemen soarge yn it ferkear. Files op de diken wiene der net, de measte minsken wiene op de hichte en hawwe oare oplossings socht.

De FNV freget elkenien om solidêr te wêzen mei de aksjes, en oant no ta slagget dat goed, seit bestjoerder Dijkman. It is foar it earst yn 15 jier dat der wer sa'n grutte staking yn it iepenbier ferfier is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)