Noardlike bedriuwen moatte skealike stoffen melde by provinsjes

28 maaie 2019 - 17:02

De trije noardlike provinsjes stjoere in brief nei alle 235 noardlike bedriuwen dy't foar har miljeufergunningen ûnder de ferantwurdlikheid fan de provinsjes falle. Yn de brief sizze de provinsjes dat de bedriuwen op syn lêst op 1 septimber oanjaan moatte oft se 'heel zorgwekkende stoffen' útstjitte nei loft en wetter, en hokker stoffen oft dat presys binne.

Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It giet om 64 Fryske bedriuwen, 124 út Grinslân en 47 út Drinte. Sy ha de brief krigen fan de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO), de Regionale Uitvoeringsdienst Drenthe (RUDD) en de Omgevingsdienst Groningen (ODG).

De oanlieding fan de brief is in tanimmende maatskiplike en politike oandacht foar stoffen dy't as 'hiel soarchlik' beskôge wurde. De útstjit fan sokke stoffen wurdt hieltyd mear beheind troch lanlike en Europeeske wetjouwing.

Oersjoch jaan fan stoffen

Sûnt 2016 moatte bedriuwen alle fiif jier in kompleet oersjoch jaan oan de oerheid fan de 'heel zorgwekkende stoffen' dy't sy, nettsjinsteande de maatregels, noch útstjitte. Boppedat moatte se altyd de bêst beskikbere techniken brûke om foar te kommen dat de stoffen yn it miljeu telâne komme. En as it kin, dan moatte de stoffen ferfongen wurde troch farianten dy't minder skealik binne.

De soarchlike stoffen binne gefaarlik foar minske en miljeu. It Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu (RIVM) hâldt se by op in list, dy't no út goed 1400 stoffen bestiet. De list groeit rap en dat komt trochdat bedriuwen geregeld nije stoffen ûntwikkelje en trochdat besteande stoffen no earder as in it ferline as skealik beskôge wurde.

Soargje foar sûner miljeu

It lanlike belied is derop rjochte om ekstra omtinken te jaan oan it tsjinhâlden fan de gefaarlike stoffen út de omjouwing en sa mei te helpen oan in sûner miljeu. De tolve provinsjes ha mei-inoar ôfpraat om te ynventarisearjen hoe't de bedriuwen, dêr't de provinsjes it gesach oer ha, mei de stoffen omgean.

Dêrfoar ha de trije noardlike provinsjes no in projekt opset, om yn kaart te bringen oft bedriuwen oer de juste en aktuele fergunningen beskikke. Ien fan de earste stappen is de brief dy't de 235 noardlike bedriuwen tiisdei ûntfange.

Op basis fan de gegevens dy't de bedriuwen op syn lêst 1 septimber oanleverje moatte, besjogge de omjouwingstsjinsten oft al dy ynformaasje folslein is en kloppet. Ein 2020 moat it projekt klear wêze. Dan is ek bekend oft der mear maatregels nedich binne.

De provinsjes organisearje de kommende wiken ynformaasjegearkomsten foar de belutsen bedriuwen. Dêryn ljochtsje de provinsjes it projekt ta.

(advertinsje)
(advertinsje)