Kuieralvestêdetocht dei 1: Tietsje van Gelder-Bijlstra

28 maaie 2019 - 16:25

De Kuieralvestêdetocht is wer úteinset. Tiisdei binne 650 kuierders begûn oan de grutste kuiertocht fan Fryslân. Fia WhatsApp hawwe wy alle dagen kontakt mei in oantal kuierders. Sy litte ús meisjen hoe't sy de 'tocht der tochten' belibje en wy begjinne mei Tietsje van Gelder-Bijlstra.

De 48-jierrige Tietsje van Gelder-Bijlstra út Stynsgea foarmet tegearre mei Geesiena ten Hoeve de 'Pink Ladies'. Yn harren rôze outfits besykje se safolle mooglik jild yn te sammeljen foar de Hersenstichting. De twa rinne geregeld tochten, mar dit is de earste kear dat se de 'tocht der tochten' kuierje.

Tietsje (lofts) en Geesiena (rjochts) kuierje foar de Hersenstichting - Foto: Eigen foto

Fia WhatsApp hâldt Tietsje ús op de hichte fan har kuiertocht. Klik earst op 'Enter Story', dan op 'Meet your interviewees' en as lêste op Tietsje har namme. No kinne jo 'appe' mei Tietsje.

Brûkers fan de Omrop-app kinne it WhatsApp-petear sjen fia dizze link.

Fan tiisdei 28 maaie oant en mei sneon 1 juny is de Kuieralvestêdetocht. Oan de tocht, dy't fiif dagen duorret en yn totaal 207 kilometer lang is, dogge 650 kuierders mei. Alle dagen hawwe wy fia WhatsApp kontakt mei in oantal kuierders dy't ús op de hichte hâlde fan harren kuier troch de alve Fryske stêden.

(advertinsje)
(advertinsje)