Hast twa miljoen euro foar it opknappen fan Ryksmonuminten

28 maaie 2019 - 16:24

Eigeners fan Ryksmonuminten yn Fryslân kinne mei-inoar oanspraak meitsje op 1,9 miljoen euro om de gebouwen op te knappen. It jild is foar de restauraasje, werbestimming of it ûnderhâld fan de monuminten. "In monumint is prachtich om yn te wenjen, mar je sitte wol mei in protte ûnderhâld", seit deputearre Johannes Kramer. "Dêrom ha wy en it Ryk in bydrage dien om se yn de mjitte te kommen."

Foto: Omrop Fryslân

"Yn Fryslân ha we in hiel soad monuminten", seit Kramer. "Dus we binne hiel bliid mei de 1,9 miljoen foar ús moaie gebouwen. No kinne se by de tiid brocht wurde. Dat is faak in hiel djoere grap foar minsken."

Dochs liket 1,9 miljoen net in hiel soad foar monuminten. Dêr is Kramer it mei iens. "Foaral as je sjogge nei de gemeente Súdwest-Fryslân: dy hat al mear monumintale tsjerken as Amsterdam bygelyks. Dat jout oan dat der yn Fryslân in hiel grutte opjefte leit."

Deputearre Johannes Kramer oer it jild foar de Ryksmonuminten

(Advertinsje)
(Advertinsje)