Kandidaat-boargemaster Buma nimt mei lintsje ôfskie fan de Twadde Keamer

28 maaie 2019 - 16:02

Skiedend CDA-lieder Sybrand Buma hat tiisdeitemiddei nei santjin jier ôfskie nommen fan de Twadde Keamer. As alles goed giet, wurdt de 53-jierrige Buma yn septimber boargemaster fan Ljouwert. Heal maaie spruts de gemeenterie fan Ljouwert har foarkar út foar Buma, as opfolger fan Ferd Crone.

Buma kaam yn 2002 yn de Keamer, mar rûn doe al tolve jier mei yn en om it Binnenhof. Hy wurke der foar de Ried fan Steat, foar it ministearje fan Ynlânske Saken en foar de CDA-fraksje.

Keamerfoarsitter Khadija Arib typearre Buma by syn ôfskie as in dossierfretter en behindich debater. Neffens har is Buma in "stayer in de politiek, die zijn carrière langzaam opbouwde door steeds sterker en krachtiger in de race te komen, net zoals in de Elfstedentocht." Buma ried dy tocht yn 1986.

Oan de ein fan de gearkomste yn de Twadde Keamer waard Buma keninklik ûnderskieden: hy waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

(Advertinsje)
(Advertinsje)