Jongeren ha faker as gemiddeld geslachtssykte, sekswurkers minder faak

28 maaie 2019 - 15:35

Jongeren yn Fryslân ha faker as gemiddeld in seksueel oerdraachbere oandwaning (soa) en sekswurkers minder faak. Dat docht bliken út ûndersyk oer 2018 fan GGD Fryslân. De sûnensynstânsje hat de balâns opmakke fan it spesjale Sense soa-sprekoere. It sprekoere is anonym en fergees en is rjochte op minsken dy't in ferhege risiko rinne op in geslachtssykte.

Jongeren ha faker as gemiddeld geslachtssykte, sekswurkers minder faak

Ut it ûndersyk docht ek bliken dat it tal seksueel oerdraachbere oandwaningen by minsken dy't har by de GGD teste litten hawwe, yn Fryslân gemiddeld heger is as yn de rest fan it lân. Yn Fryslân diene yn totaal 1851 minsken de soa-test by de GGD en 24 prosint dêrfan hie in geslachtssykte. Lanlik lieten 111.000 minsken har teste, dêrfan hie 18 prosint in soa. Jongeren hawwe faker as gemiddeld in soa (26 prosint) en sekswurkers minder faak (10 prosint).

Neffens dokter Marleen Luning fan GGD Fryslân jouwe de sifers dúdlikheid oer de minsken dy't op it soa-sprekoere komme. "We zien namelijk niet alle Friezen die denken dat ze een geslachtsziekte hebben, maar we zien doelgroepen. Dat zijn mensen met een verhoogd risico op een soa: jongeren, sekswerkers en mannen die seks hebben met mannen. En soms ook migranten die voor het eerst in Nederland zijn en nog nooit getest zijn."

Foto: ANP

Minsken kinne gewoanwei ek by de húsdokter telâne foar in test of de behanneling fan in geslachtssykte, mar soms kin of wol immen dêr net hinne. Luning: "Bij studenten kan dat zijn, omdat ze bijvoorbeeld geen geld hebben om een soa-test te betalen." Foar minsken oant 25 jier is de test fergees by de GGD. "Soms speelt er ook een stukje anonimiteit bij. Bijvoorbeeld omdat iemand een partner heeft, maar daarnaast met iemand anders heeft geslapen en dan bang is dat de partner de rekening vindt."

De GGD wit net presys hoefolle minsken yn Fryslân in geslachtssykte ha. De measte minsken wurde test fia de húsdokter, seit Luning. "Die cijfers hebben we niet. Het laboratorium heeft die wel en daar gaan we binnenkort mee overleggen, om te kijken of wij nog steeds de juiste doelgroepen zien."

Foto: GGD Fryslân

Dokter Marleen Luning fan de GGD

(Advertinsje)
(Advertinsje)